Biografy

Jan Nota

Myn namme is Jan Nota en ik wenje al wer 34 jier  yn Tsjerkwert. Yn it deistich libben bin ik ûnderwizer by it spesjaal ûnderwiis. Ek mei ik my graach ynsette foar ferskate aktiviteiten by ús yn Tsjerkwert en ferlien ik myn meiwurking oan teaterstikken. Dêr nêst bin ik dus trûbadoer!!!

 

It is allegear begongen doe’t  ik 16 jier waard. It oargel, dat hie ik wol besjoen en it waard tiid foar wat oars. In elektryske gitaar moast der komme om lekker op te rammen!!! Nei in jier les binne wy begongen mei de band Pledget, mei trije jonges lekker muzykmeitsje. Twa jier letter kaam der noch in sjongeres by en doe wiene wy kompleet. Wy hiene aardich wat optredens en in soad nocht! Mar as dan de iene nei de oare ferhuzet, wurdt it oefenjen minder en dêrmei ek de motivaasje.

Sa hie ik ûndertusken al in akoestyske gitaar kocht, wêr’t ik graach op spile. Dat doe’t it mei de band wat minder waard, krige ik wat útnoegings om op feestjes te spyljen. En sa komt fan it ien it oar en it waard aloan drokker. Al san tsien jier ha ik alderhande feestjes opfleure mei myn muzyk, no ja, myn muzyk...? It binne haadsaaklik ferskes fan oaren dy’t bekend binne en wêr’t minsken harren mei feestjes altyd graach op útlibje meie! Ik soe sizze, besjoch myn repertoire ris! Ik ha foar ferskate feestjes in tapaslik repertoire. Ek mei ik de lêste tiid graach wat ymprovisearje en wolle jo sels meisjonge dan is dat gjin beswier! Ik bin ek faak op ‘en paad mei in basdrum om oan bepaalde ferskes wat mear “swing” te jaan!!!

Ik probearje de hjoeddeistige (feest)muzyk wat te folgjen, neam nûmers fan Mooi Wark en Jan Smit, mar ek âlde hits fan The Stones, Boudewijn de Groot en de Oudste Stapper van de Stad.  Der steane steefêst Fryske lieten fan no en fan doe op de list, mar ek moaie Ierske  folksferskes.

Foar elk dy fan muzyk hâld dy altiid bliuwt, foar feest- as eftergrûnmuzyk is hjir oan it goeie adres. Ik hoopje Oant sjen

 

Jan Nota